Jo binne troud of net
Twa frijfeinten stykje om deselde frou. Tabe en Wytske, in jong troud pear, sille mei fakânsje en dan sil beppe Luutske op 'e lytse passe. Mar och hea, beppe ferknoffelet krekt foar tiid in pols en no sit de saak foar 't krús. Tafallich komme twa âlde maten fan Tabe dêr op besite. Tabe hat earder mei harren fearn; it binne seelju. As dy beide mannen fan de sitewaasje hearre, biede hja spontaan oan om beppe te helpen yn 'e húshâlding dy wike en dan kin da fakânsje fan de jongelju trochgean. De beide mannen dogge allerhande karweikes, lykas it lytsbern de flesse jaan en soksoarte fan dingen mear. Tagelyk krije hja ûnderwilens troch dat beppe in tige aardich minske is en beide wolle hja besykje har te winnen en sadwaande oan 'e wâl bliuwe te kinnen. Beppe hinget hielendal fan de beide mannen ôf, dat dy lit har ek op it foardielichst sjen. As de lêste dei fan 'e fakânsje oanbrekt, moat noch altyd it hege wurd der út, mar net ien fan beiden kriget de kâns dêrta, want as it wêze sil, komt der hieltiten wat tusken. Op 't alderlêst wurde de beide konkurrinten it iens en beslute dochs mar wer nei see te gean, tewyl't beppe, troch har bern ynljochte, wat feralterearre efterbliuwt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DYKSTRA, A.D. |
Titel: | Jo binne troud of net |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 3 |