Johanni Moriendi sunt

Mem wurdt 80. De bern binne der allegearre: Hanna, Joke, Hans, Johan en Jannik. Oan'e wand de pertretten fan de fiif heiten, Johannes I o/m V. De bern bongelje ûnder elkoar hoe't dy Johannessen oan harren ein kommen binne, elk toant syn eigen eigenaardichheden. Dan komt der besite, Johannes VI. Nei lang kedizen wurdt hy der ynlitten om't mem it wol. It wachtsjen is noch op mem, dy't har klear makket foar it feest. Stadichoan wurdt de sfear rúzje-achticher en Johannes bemuoit him der mei. Jannik wurdt dit te stûf en hy skillet syn freon Wim, dy't er ferslach docht fan it ferrin fan de tastân. Dan komt mem, se wurdt yn de petearen behelle en dan docht bliken dat se alle Johannessen it hoekje om holpen hat. Johannes VI wol de plysje skilje, mar mem is him foar en plukt him nei in bettere wrâld. Dan komt dochs de plysje, warskôge troch Wim. De bern beweare allegearre dat sy de dieder binne en wurde ynrekkene. De plysje hat begrutsjen mei mem, dat har bern jaloersk binne op de frijer fan harren âlde mem. Mem bliuwt achter en hinget pertretten op fan de fiif bern.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LELYVELD, Mieke
Titel: Johanni Moriendi sunt
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1994
Te keap: 1
Oersetter: Wijk, Gerda van der
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-05-11
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 5