Jou se de romte!

Yn it steatlike hûs fan de van Staverens (twa broers fan by de santich en in folle jongere suster) wurdt hommels de 'ivige rêst en frede' fersteurd, trochdat in wat bluisterige, net al te bêst bekend steande húshâlding der út need fan gemeentewege in tydlik ûnderkommen kriget. It binne in heit (heel yn 'e fierte noch mei spaansk bloed), dy't fan alles by d'ein hân hat en no 'artyst' is fan syn fak - mar boppe alles libbens-artyst fan aard - mei fjouwer grutte bern, dy't de sprong út 'e krottebuert wei nei de 'romte om te libjen' wakker oanstiet en op harren manear belibje en uterje. Jenny, de húshâldster by de van Staverens (goed sechstich), wurdt ridlik gau oanstutsen troch de spontaniteit en it libbensgeniet dat fan elk fan dizze minsken ôfstrielet en Maria (al wol se 't net wêze) komt ek linkenoan mear ta it besef dat der oant no ta op dit âlderlik stee eins allinne mar wenne is, mar net libbe! En ek hoe 't se harsels en oaren har libben lang tekoart dien hat, troch yn it sok fan har broers de dagen yn iensumheid en ôfsûndering te sliten. It is net dwaanlik om yn in mennich rigels it ferrin en de tragy-komyske ein fan dizze 'moeting fan twa generaasjes' te skilderjen. Dêrfoar bart der fierstentefolle, by allegearre.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LAU, Cees
Titel: Jou se de romte!
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Beintema, Tabe
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5