Kafee De brette hoanne
Keimpe en Antsje Monsma hawwe it kafee 'De brette hoanne'oernommen fan Keimpe syn heit, mar it rint net. Der komme wat fêste klanten en dy sitte lang oan in bakje kofje en inkeld in slokje en fakentiden ek noch op 'e pof. Dat it sa net goed komt, kin men fan tinken wol ha... de kriminele Haantjes krijt der lucht fan en komt lâns mei syn freondinne yn de striid Natasja. Hy wol der in soarte fan diskobar fan meitsje mei in moai frommis achter de taap, mar Antsje trapet dêr net yn! Gerryt de heit fan Keimpe en eardere eigner is ien en oar lang net nei 't sin. Hy stjoerd Keimpe nei de Horekafakbeurs yn Amsterdam om kennis op te dwaan. Underwilens spylje him alderlei tafrielen ôf yn it kafee. Tette bygelyks siket treast yn De brette hoanne, hy is syn Turkse frou en húshâlding ûntflechte. Jeep in stofsûgerfertsjinwurdiger is syn frou net altyd trou. Op 't lêst is der in heimsinnige Fransiske dy't in wichtige rol spilet yn it gehiel! It docht bliken dat de saak ferkocht is, mar oan wa? Pas oan de ein fan it tredde bedriuw komme de keallen út it hok, mar hoe? Moaie typkes.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | TOL, Jan en Astrid Bays |
Titel: | Kafee De brette hoanne |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2006 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | Met je familie moet je (geen) zaken doen |
Ynfierdatum: | 2006-07-07 |
Dekor: | ien dekor, âlde gelachkeamer |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 5 |