Keale beammen rûze net

De simmer is foarby. Wylst de grûn al kâld oplûkt, sitte Jos en Rie noch hieltyd op de camping. Mei de rêch nei de tinte en útsjoch op it paad, beskôgje sy de wrâld om har hinne wylst de oaljelampe walmet en de reade wyn te kâld is. "Keale beammen rûze net" is in duet foar twa froulju, earne yn in refugium oan de râne fan de maatskippij. Yn in wanhopige syktocht nei hoe 't se harren it bêste klaaie kinne foar de komst fan... ja wa eins... komt de jas boppe wetter dy't Rie oan hie doe 't se op in dei nei Jos ta flechte is. Under it mom fan "oantinkens ophelje", folget in hilaryske, mar al geandewei hieltyd pynliker ûntknoping, dêr't it fertriet fan de twa froulju hieltyd better fielber wurdt.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): Berg van den Magne
Titel: Keale beammen rûze net
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2016
Te keap: 1
Oersetter: Steegstra, Anja
Oarspr. Titel: Kale bomen ruisen niet
Ynfierdatum: 2017-01-06
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 0