Keamer te hier

Alke Brakman hat A.O.W. krige, mar dêr kinne se einliks net fan rûn komme. Se wolle dêrom in keamer ferhiere. Mar.... sûnder it fan elkoar te witten, dogge se it elk op har eigen wize: hy oan in jonge frou en sy oan in jonge man. It treft dat de iene altyd nachts arbeidet en deis sliept en de oare (de jongfaam) de keamers nachts brûkt. Mar de moard komt fansels in kear út en dat jout gâns misferstannen en brike sitewaasjes. De jongfaam is nammentlik sekretaresse en lit har foar troude frou trochgean om de baas syn oare helte net al te oergeunstich te meitsjen. En - hoe kin 't sa bryk - de faam har mem is tafallich krekt troud met de heit fan de jonge. Dat hat ek de reden west dat se op har sels woene. No't se mekoar, sûnder fan dy relaasje ôf witten, kennen leare, is it foar harren letter better te fertarren en groeit der linkenoan in pearke út dat by de heit fan de jongfeint yn 'e saak opnommen wurdt. Typen yn it stik binne: Sienema, in buorman mei in lulk wiif en mefrou Feringa, de frou fan de 'baas' fan de jongfaam, dy't sa oergeunstich is.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): WEMPNER, Fritz
Titel: Keamer te hier
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Westra, B. (bew.)
Oarspr. Titel: Kein Auskommen mit dem Einkommen
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4