Kemeedzjespyljen hat syn útfallen
Twa jongfammen hawwe fakânsje en binne troch ien fan de memmen nei omke Beima prakkesearre om dy wat op te fleurjen. De âldman, dy't in húshâldster hat, is slim krebintich en kin suver net mear út stee komme. De famylje freget har wolris ôf oft it wier wol sa slim is mei de âldfeint. Hawar, de fammen betinke in plan om omke ris te hifkjen. Der komt in wyksuster, in dokter en in psychiater oan te pas, mar it measte helpt noch dat ien fan de fammen, as húshâldster ferklaaid, wakker kontsjedraait en flak foar omke har djip foaroer bûcht. Dan begjint by omke de wyn ynienen út in hiele oare hoeke te waaien en as de echte húshâldster der dan ynkomt, dan wurde hja it al gau hielendal iens. De útfanhûzers hawwe har wurk goed dien.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STELWAGEN, Tsjibbe |
Titel: | Kemeedzjespyljen hat syn útfallen |
Skreaun yn: | 198? |
Utjoen yn: | 1983 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |