Kening Floaris hat fertriet
Snokkerjend sit Kening Floaris dei út dei yn op syn troane. Der is mar ien ding dêr't er altyd gek op wie: autoriden, mar hy is te lider slein no't de oalje yn syn lân sa goed as op is. Alleman besiket him oer syn fertriet hinne te helpen, mar it liket allegearre om'e nocht en ynearsten fynt er allinne noch wat treast yn it boartsjen mei syn boartersguodautootsje. As op it lêst Teake, de útfiner, der by roppen wurdt, liket der útkomst te wêzen: syn komjûter hat him de oplossing oan'e hân dien: in oaljefabriek bouwe! Ja, mar wêre? It sportfjild biedt romte genôch en dêr sil't dan mar oangean; de feart der bylâns sil moai foar kuolwetter brûkt wurde kinne. Ja, it is allegearre moai úttocht, mar...Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SCHOTANUS, Jan |
Titel: | Kening Floaris hat fertriet |
Skreaun yn: | 1980 |
Utjoen yn: | 1980 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-19 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 25 |
Tal manlju: | 25 |