Klean, moard en oranjekoeke
De moarns fan de 25ste april 2013 wurdt yn in pashokje fan de lúkse kleanwinkel Pecheur en partner moadekening Antoine de la Corridor mei in mes yn ’e rêch fûn. De la Corridor waard al in wike fermist. De fraach is of syn ferdwining en ûnfortúnlike weromkear te meitsjen hat mei syn koartlyn ferskynde boek, of dat de foarke hiel oars yn ’e stôk sit. De eigner fan Pecheur, Lodewijk Pecheur / Leo Visser en partner sitte der wol mei want krekt op dizze dei komt de Keninklike famylje del om klean te keapjen foar de oankommende troanswikseling op 30 april. Der sit neat oars op, om tegearre mei de twa froulju dy’t yn syn winkel wurkje, moadekening De la Corridor te ferbergjen, mar dit falt noch net ta… Klean, moard en oranjekoeke is in komyske skriller wêryn’t neat is wat it liket, personaazjes fol ferburgen aginda’s omrinne en dan doch wer wat oars…Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KLOP, Remco |
Titel: | Klean, moard en oranjekoeke |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2014 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2014-08-22 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |