Klinyk yn opskuor
De direkteur fan in kreamklinyk libbet al twa jier mei in jeuchlike freondinne, dy't it net sa krekt nimt mei de trou... As sy de fersekeringsman ferliede wol, wurdt dat ûntdutsen troch de haadsuster. En omdat dy sels in eachje hat op dokter, briefket se alles mar wat graach oer, fansels, en like fansels besiket de freondinne dokter fan har ûnskuld te oertsjûgjen. Mear argewaasje komt der as sy de hast altyd dronkene broer fan dokter yn'e hûs hellet.... Dy krijt sels besite fan in eksintrike miljonêre, dy't letter de nije eignaresse fan de klinyk blykt te wêzen en sy sil fiif ton beskikber stelle foar de restauraasje fan de klinyk. Dy fiif ton binne it doel fan de dronkene broer en in tafallige ynslûpster mei in roppige mage. Want as dokter in pear dagen nei in kongres moat, twingt de ynslûpster de broer om it plak fan dokter yn te nimmen, sadat sy oan de sinten komme kinne!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SNOEREN, Jo |
Titel: | Klinyk yn opskuor |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1997 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | Gevaarlijk dubbelspel |
Ynfierdatum: | 1998-06-05 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |