Klontsjes
Trije kear in date foar Atze Dimmen. Moai fansels, mar sa betiid hie er se net ferwachte. En dan bringt ien fan de dames ek noch in bern mei dat net fan harsels is. Boppedat hat it bern in boadskip mei: ‘As heit liet hy it ôfwitte, dan moat er it as pake mar sjen litte.’ Resjersjeur Bokke Jansma, broer fan ien fan de date’s, moat helpe om it riedsel fan de poppe op te lossen. Dat docht er op syn eigen bokkige wize. In stik mei humor, kompetysje, spanning, gedichten en klontsjes. Foar alle spilers in rol om hielendal yn op te gean en der is fan alles út te heljen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SCHOKKER, Jan |
Titel: | Klontsjes |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2011 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2011-04-26 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 2 |