Koaibosk
De moderne wrâld liket fier fuort fan Koaibosk. mar as mem ferstjert, stoarte de twa ynwenjende soannen Homme en Simen har yn it libben. Se liene jild om it dak fan harren lyts hûs te fernijen en in Russyske frou te keapjen. De frou komt der en de manlju fleurje op. As ien fan beiden it mei har oanleit, krije de bruorren skeel. Yn koarte sênes fol minsklike humor sketst Bouke Oldenhof it bysûndere ferhaal fan twa jonges dy 't op harren behyplike wize út it libben helje wolle wat der yn sit.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | OLDENHOF, Bouke |
Titel: | Koaibosk |
Skreaun yn: | 2005 |
Utjoen yn: | 2006 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2006-06-21 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 3 |