Koartkoppen

Patrouillet, in skoalmasterich type, komt yn pontifikaal by buorman Grattelard, in grûnbesitter, om dy syn dochter te freegjen om mei him te trouwen. De beide manlju treffe elkoar en Grattelard is bang dat Patrouillet sa ferlegen is omdat er him net om jild freegje doar, mar as bliken docht dat it om syn dochter (âldfaam) giet, dan is er út 'e skroeven. Foar de dochter oer is Patrouillet like bleu en sadwaande prate se oer oare dingen as it boadskip. Se krije slim rûzje om in stik grûn, de heit slút him by de dochter oan en Patrouillet rekket lilk de doar út. As de dochter fan har heit it boadskip heart, stjoert se him dalik om Patrouillet werom te heljen. Earst liket it der op, mar dan krije se spul oer in hûn. Ek dêr bemuoit de heit him wer mei. Patrouillet wynt him sa op, dat er flau falt en dan sizze de oare beide dat se it ûnderwilens iens wurden binne tegearre. As de beide 'jongelju' dan wer begjinne sille te iggewearjen, dan stjoert de heit it span nei de pastoar.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): TSJECHOV, Anton
Titel: Koartkoppen
Skreaun yn: 189?
Utjoen yn: 1977
Te keap: nee
Oersetter: Boorsma Sr., F.
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-17
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dizze titel is net mear op foarrie. Nim kontakt op mei de Stuft foar mear ynformaasje
Tal froulju: 1
Tal manlju: 2