Koartsluting

Victor, in santiger, begjint wat te demintearjen. Hy fernimt it sels, mar wol it net wêze. Troch alderhanne spultsjes te spyljen mei syn frou Charlotte tinkt er de saak draachliker te meitsjen of yn alle gefallen te kamûflearjen. Syn frou spilet yn it begjin mei, mar as Victor yn syn ûnmacht te fier giet en echt nuvere dingen begjint te sizzen en te dwaan fynt se dat se beide de realiteit ûnder eagen sjen moatte. No kin se der noch mei him oer prate. Nettsjinsteande har ûngeduld en ergernis bytiden kin Charlotte op beslissende mominten dochs de goede toan fine om Victor wat by te stjoeren en se wurde it iens oer de takomst dy't se mooglik tegearre noch ha. Tuskentroch leare we de dochter kennen mei har spesifike problemen dêr't se hiel eigentiids mei omgiet. Ek de (jongere) buorfrou spilet in rol binnen dizze relaasjes. It demint wurden fan je man en heit is fansels net wat om de gek mei te hawwen; dochs giet it hjir om in blijspul. De problematyk wurdt yn dit stik nammentlik op humoristyske wize, mar tagelyk tige respektfol en waarm, behannele.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HEYDEN, Haye van der
Titel: Koartsluting
Skreaun yn: 2000
Utjoen yn: 2005
Te keap: 1
Oersetter: Zee, Tryntsje van der
Oarspr. Titel: Kortsluiting/Black outs
Ynfierdatum: 2003-07-21
Dekor: In tún.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 1