Koekoek siket Koekoek

Aukje Koekoek, weesbern en tige slagge sakefrou, fynt op har 60ste dat se sa graach dochs famylje hawwe wol. Se hat Koekoekseilân kocht en dêr oare Koekoeken noege om te sjen oft dy oan har famyljebyld foldogge. Mei har notaris, Tjitte, en bodyguard Popke en sysels yn 'e rol fan biologysk túnwyfke, wachtet se de oare Koekoeken op: Foppe mei in sibbekundige tic, Mimi Coucou - model met ferlet fan jild -, Kije, de oerspande learaar, syn eks Tunniske en dochter Lummy en as net-noege Koekoek Frau Doktor Erika. Dy lêste wurdt troch de oare gasten sjoen as de ûnbekende rike muoike, mar se blykt yn werklikheid in bedriuwsspionne te wêzen dy't op Aukje har patint út is. It wurdt fansels in tizeboel wêrby't de measten oan 't koartste ein lûke en oft Aukje der famylje oan oerhâldt?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BREMER, Aris
Titel: Koekoek siket Koekoek
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 1995
Te keap: 1
Oersetter: Hof, Alle G.
Oarspr. Titel: Koekoek zoekt Koekoek
Ynfierdatum: 1998-04-19
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4