La Plaza Hotel

Yn elk fan de trije bedriuwen spilet him yn suite 719 (sitkeamer mei dêrnjonken sliepkeamer) in scène ôf mei oare persoanen: 1e bedr. man en frou, 23 jier troud, houlik deablet. De man is yntym mei syn siktaresse. De dialooch tusken dizze twa minsken, dy't no liket te begjinnen, rint op 'e non (it houlik hie net wêze moatten). 2e bedr. man en frou, dy't mekoar 25 jier lyn kennen leard ha en beide mei in oaren troud binne of west hawwe, moetsje inoar en groeie nei inoar ta oant it hichtepunt (se hiene àl trouwe moatten efternei besjoen). 3e bedr. in jongfaam stiet op trouwen en alles wachtet op har komst. Se hat har opsluten yn it toilet en wegert der út te kommen hoe't mem (en letter heit) har ek benaderje. As de spanning te snijen is, komt de breugeman en dy seit 'tsjin 'e doar' dat it tiid is en dan komt se daliks foar 't ljocht.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: La Plaza Hotel
Skreaun yn: 1968
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Tuinman, Anne
Oarspr. Titel: Plaza Suite
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 5