Leafde as mûnster

Elyot hat earder mei Amanda troud west, mar dat houlik is op'e non rûn. Altyd rûzje, sels slaan en ek alkoholisme wiene de oarsaken fan de skieding. No is hy op houliksreis mei syn twadde frou, Sibyl. Se binne yn Frankryk bedarre, yn in moai hotel. At er jûns bûten op it terras sit, sjocht er dat Amanda op it terras neist dat fan him sit. Ek sy is foar de twadde kear troud, no mei Victor, en ek op houliksreis, tafallich yn itselde hotel. Se komme der achter dat se eins noch wol gek op elkoar binne en beslute tegearre út te naaien. Der blykt noch wol wat âld sear tusken Elyot en Amanda te sitten dat noch net ferwurke is. Victor en Sybil dy't harren achternei reizge binne, fine harren fjochtsjend yn de fakânsjeflat fan Amanda yn Paris. Dêr giet it rûzje meitsjen gewoan fierder en ek Victor en Sibyl dogge grif mei. Oan it ein fan it stik naaie Elyot en Amanda wer tegearre út.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): COWARD, Noel
Titel: Leafde as mûnster
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2007
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Private lives
Ynfierdatum: 2007-08-13
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2