Leafde, moard en miljoenen

Bram Maasland hat syn jonge minnares Chantal yn hûs nommen. Mei as ferklearring dat har âlden om it libben kommen binne by in auto-ûngelok en hy docht him foar as har fâld. Se makket it him net maklik omdat se sa gau mooglik trouwe wol. bram wit net rjocht hoe oft hy dit oan syn frou fertelle moat. As it Chantal telang duorret besiket se syn frou Julia fan kant te meitsjen. Julia komt achter de ferhâlding en ferlit midden yn'e nacht it hûs. As Julia letter dochs noch fermoarde wurdt, binne Bram en Chantal fansels de haadfertochten. In brief út Amerika kundiget de besite fan in âlde, rike muoike fan Julia oan. Om de âlde dame ûnkundig te hâlden fan alle perikels sil buorman, ferkleid as frou, it plak fan Julia ynnimme. Dora, de húshâldlike help, hat troch dat er eat net doocht en mei help fan har freon, ynspekteur Romeo, komme se al gau efter de identiteit fan de moardner. De arrestaasje wurdt lykwols útsteld omdat it de oplossing fan it komplot om de miljoenen fan muoike Otte yn gefaar bringe kin. Fia kollega's út Amerika fernimt de ynspekteur dat nuoike Otto fermoarde is. As der dochs in muoike foar it ljocht komt wurdt al gau dúdlik wa't it op it jild fan muoike Otto fersjoen ha. Yn dit spul fol bedroch, falske en echte leafde en miljoenen bliuwt hiel lang ûndúdlik hokker rol ferskillende persoanen spylje en dat soarget foar in ûnferwacht ein. Net tsjinsteande de spanning kin der ek noch lake wurde.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SNOEREN, Jo
Titel: Leafde, moard en miljoenen
Skreaun yn: -
Utjoen yn: 2002
Te keap: 1
Oersetter: Kielstra, F.
Oarspr. Titel: Liefde, moord en miljoenen
Ynfierdatum: 2004-01-06
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4