Leafdes tûkelteammen

Tema: Swierrichheden op it gebiet fan de leafde. Jan Maat, in jongfeint, yt wat de froulju oangiet fan alle wâlen. Hy giet gauris mei Antsje, wolris met harren faam Klaske en dan is Sonja der noch, dêr't er it as 't der op oankomt echt mei hâldt. Syn heit hat in freon, Faber, en dy beide wolle der op ta dat Jan winliken trouwe moast mei Faber syn dochter Antsje. Jan hat gjin wurk en dat is syn heit sadanich yn 'e wei, dat dy regelet foar him in útstjoering nei de Sahel. En as er him dat fertelt, moat er de oare deis al fuort. Under druk jout Jan earst ta, mar dêrnei wurdt er troch syn freon Eabele en troch Sonja ta oar ynsicht brocht. As er syn heit fertelt dat er net nei de Sahel giet, wurdt dy sa poer, dat er de hannen fan him ôf lûkt. Jan rint dan de doar út en wurdt wei. Letter docht bliken, Faber hat him yn it park oppikt en him by him thús by syn dochter Antsje opsluten. Underwilens hat Sonja har yn it plak fan Klaske by heit Maat as tsjinstfaam besteld mei it doel om him te bewurkjen dat er Jan syn dwaan ferjout. Klaske is yntusken ek op paad giet om Jan te finen. As Maat de fròu yn Sonja sjocht, dêr't hja mei sin oanlieding ta jûn hat, kin hja him om 'e finger wine en ûnthjit er har dat er Jan ferjaan sil, as se mei him trout. As Maat dan ek noch in brief fan Jan kriget, dat dy nei de Libanon wol, dan wol M. alles dwaan om tefoaren te kommen dat Jan dêr as kanonnefleis brûkt wurde sil. Dat brief hat Antsje lykwols skreaun om him bang te meitsjen. Neidat Klaske Jan op syn skûlplak fûn hat, komme ek Eabele en Sonja dêre. Maat sjocht op 'e tiid yn dat Sonja gjin petoer foar him is; hy ferjout Jan syn wurdbrek en dêrmei is it paad foar Jan en Sonja frij. Yn it sok nimme hja dan Eabele en Antsje mei, sadat der oan 'e ein twa lokkige pearen binne.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STELWAGEN, Tsjibbe
Titel: Leafdes tûkelteammen
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1983
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: 2
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4