Learniks
Klabbe wol wol nei skoalle omdat it moat, mar hy wol net leare. Hy wol allinne mar leare wat lekker is. Hy wol letter masjinist wurde, dus hy makket mei juf Do in trein. Se geane nei Grutoaljekoekested om oaljekoeken. Klabbe lukt op de hinne en weromreis oan de needrem, hy tinkt dat it in toeter is. Master Jan kriget hjirfoar in boete, om t hy de baas is fan juf Do. Dan wint Klabbe -beukerpoepruftfiersmytwedstriid- en hy betellet de boete. Hy wol dan de rest fan it jild troch 2 diele mar hy wit net hoe t dat moat. Hy begrypt dan doch dat er nei skoalle moat om te learen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BIJSTERVELD, Sieger |
Titel: | Learniks |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2015 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | Learniks |
Ynfierdatum: | 2015-12-20 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 3 |