
Lêste pear dagen
In man op jierren wurdt binnenbrocht op de intensive care. It is Rein Tas dy’t, sa blykt al gau, net mear lang libje sil en syn lêste dagen yn it sikehûs bliuwe moat. Hy wurdt fersoarge troch ferpleechkundige Ingeltsje Donderdag, dy’t har hieltyd mear oer him ûntfermet en him op ’t lêst hast net mear allinne lit. Lêste pear dagen spilet mei it besef fan tiid en yntinsiteit. Mei dit stik giet Scheldwacht op ’e siik nei in bewustwêzen dêr’t we yn ús deistich libben besykje oan foarby te gean. Troch de koarte tiid komme de haadpersonaazjes tige fluch ta de kearn en ta elkoar. Ommers, tiid foar ûnsin is der net.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SCHELDWACHT Esther |
Titel: | Lêste pear dagen |
Skreaun yn: | 2020 |
Utjoen yn: | 2020 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Stavinga, Boukje |
Oarspr. Titel: | Laatste paar dagen |
Ynfierdatum: | 2020-10-14 |
Dekor: | sikehûskeamer |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |

