Lodewyk fjirtjin en in heal

It stik spilet yn de 17e ieu yn it kastiel fan de kening. It komt him net sa krekt mei de froulju en ien kear yn't jier nimt er in bad. Keamerhear Jacques kriget de opdracht om ûnder alle omstannichheden syn frou, keninginne Maria-Theresia bûten de doar te hâlden. Dit is net sa'n ienfâldige taak, de tsjinstfaam, Chantal mei de grutte tetters, de balletlearaar en noch mear minsken binne gek op Jacques. De man rekket al hiel fan slach en as dan blykt dat de keningin ek wol sin oan him hat, ropt er de kardinaal der by. Midden yn dy tizeboel komme der in pear toeristen oan it hof en tagelyk komt de keningin mei in ultimatum. Se wol binnen twa oeren har man sjen en oars giet de kop fan de keamerhear der ôf. De manlike toerist Harco wurdt ferklaaid as kening, omdat er in protte op him liket. Dit liket in gouden greep te wêzen!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ELSTGEEST, Ton
Titel: Lodewyk fjirtjin en in heal
Skreaun yn:
Utjoen yn:
Te keap: 1
Oersetter: Wijk, Gerda van der
Oarspr. Titel: Lodewijk de veertien en een half
Ynfierdatum: 2007-08-23
Dekor: ien, kastielkeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4