Londen 1994

Dit ferhaal spilet him ôf yn Ingelân, Londen. Fjouwer manlju, eks-kriminelen op leeftiid dy’t yn it ferline alle fjouwer fêst sitten ha foar bankrôven, beslute om noch ien kear in grutte kreak te setten. It inisjatyf leit by Albert, dy’t it libben mar ientoanich fynt en de spanning, de sensaasje en it risiko mist. As Albert it plan foarleit oan syn maten Collin, Brian en Danny ferslite se Albert foar gek. Hoesa nochris it risiko rinne om pakt te wurden? Dochs slagget it Albert om syn maten oer te heljen. Fjouwer manlju dêr’t it jongste ôf is, dy’t noch ien kear in kreak sette sille… mar dat plan kriget in kear der’t net ien op rekkene hie.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STEEGSTRA, Anja
Titel: Londen 1994
Skreaun yn: 2018
Utjoen yn: 2019
Te keap: nee
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2019-02-01
Dekor: yn hûs
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 4