Maitiid
In 'feel good' toanielstik wêryn't de ûngewoane leafdesskiednis ferteld wurdt fan trije minsken dy't elk harren eigen geheim mei harren meidrage. Marja en Martin komme mei elkoar yn' e kunde op it tsjerkhôf. Wylst se by de grêven van harren beminden steane wurde se ferrast troch de gefoelens foar elkoar. It 'maitiidsgefoel' sa as Marja it neamt: opnij fereale wurde op in leeftyd as je it net mear ferwachtsje. Mar dan blykt der noch in frou te wêzen, Stella, dy't al jierren in rol yn Martin syn libbet spilet en dy't net fan doel is om har plak samar ôf te stean oan in oar. 'Maitiid'is in toanielstik mei humor, oandwaaning en sprankeljend as de maitiid sels.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HEYDEN, Haye van der |
Titel: | Maitiid |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2012 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Stavinga, Baukje |
Oarspr. Titel: | Lente |
Ynfierdatum: | 2012-04-12 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 1 |
