Marthe en Mathilde

Martha en Mathilda binne twa susters, dy t tegearre in hoteltsje runne - De Goudfazant - dat part is fan in grutte pleats. Om t se oan e hals ta yn e skulden sieten ha se dy pleats tsien jier lyn ferkocht oan in notaris, under de betingst, dat se der wenje kinne oant harren dea. Wat net ien lykwols wit, is dat de beide susters op e souder in grutte wytplantaazje ynrjocht ha, mei it doel om sa yn koarte tiid aardich wat jild oer te halden om in restige alde dei trochbringe te kinnen yn De Goudfazant mei personiel. De grutte dei dat de rispinge ophelle wurde sil troch in dealer en se dus in knoarre jild barre sill, is tichtby. Mar krekt in wike earder is de Ronde fan Dunegea, in fytswedstriid foar amateurs. En profs. It hoteltsje sit fol en dat jout de nedige tukelteammen en boppedat hat de notaris noch wat lytse letterkes yn it kontrakt guchele. As men dan wit, dat de susters yn e bar fan it hotel eksperimintearje mei har wyt, dat de fytsamateurs elkoar op alle mooglike wizen besykje dwers te sitten, dat de dealer foar gjin kwartsje doocht, dat de notaris hast net wachtsje kin om syn pleats yn hannen te krijen en dat der ek noch in priveedetektive omskarrelte, dan kin men fan tinken wol ha, dat Marthe en Mathilde in cocktail is fan spanning en humor.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ANRYS, Pol
Titel: Marthe en Mathilde
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2014
Te keap: 1
Oersetter: Renia, Pieter M.
Oarspr. Titel: Marte en Mathilde
Ynfierdatum: 2015-02-01
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 7