Mei opsetsin
Durk v.d. Velde driuwt mei syn freonen Pyt Smeding en dy syn frou Fokje in boekhannel. Durk hat Pyt en Fokje op in jûn noege foar in itentsje en mei har fjouweren (Durk syn frou Janny wie der ek by) hawwe hja neitiid fiks buorrele, dat de oare moarns wurde hja mar wat nuver wekker. Pyt en Fokje it earst en dy ûntdekke, dat Durk dea op 'e bank leit. As Janny ek wekker wurdt, seit dy, dat hja him fermoarde hat, mar dat hja Pyt de skuld jaar wol. Hja hat de moard mei in huoddepriem dien en dy priem by Fokje yn 'e tas stoppe. Nei lang praten wit hja der Pyt en Fokje fan te oertsjûgjen, dat dy beide fan de moard fertocht wurde sille, dat hja beslute dan mar om Janny te helpen it lyk út 'e wei te bringen. Mar earst geane hja mar nei hûs ta. As de beide gasten fuort binne, docht bliken, dat Durk him dea hâlden hat mei it doel, in grap út te heljen. Omdat Durk in ferhâlding hat mei Fokje, is it Janny lykwols tinken. Hja hat mei opsetsin it paad sljochte foar de moard, dy't hja op Durk dwaan wol. Durk mient earst noch, dat dit mar gekheid is, mar as Janny mei de priem op him ta komt...... giet it doek ticht.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BURTON, Brian J. |
Titel: | Mei opsetsin |
Skreaun yn: | 197? |
Utjoen yn: | 1985 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Knol, J. |
Oarspr. Titel: | Murder play |
Ynfierdatum: | 1998-06-11 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |