Meine as hypnotiseur
Meine hat it o sa bannich. As er fan syn wurk komt, moat er thús oan'e slach. Syn frou is net sterk en syn skoanmem, dy't by harren yn wennet is op in leeftyd dat se net in soad mear út'e wei sette kin. As er net boadskipje hoecht, dan is er mei de stofdoek en de skûtelkwast yn't spier. Ynstee fan dat de froulju tankber binne, sitte se him noch mear achter de fodden. Meine rekket der hast oerspand fan. As dokter in kear by syn frou komt te sjen, nimt dy Meine eefkes apart en seit dat de frou har mar wat oanstelt en skoan de hannen wapperje litte kin. Dêr soe se sels fan opknappe. Beppe is neffens syn betinken ek folle feardiger as dat se har foardocht, dat Meine moat marris in keardel útmeitsje. Meine docht dit op in wol hier bysûndere wize. Hy bringt de froulju ûnder hypnoaze en dy binne fan syn keunsten sa fan slach, dat se wol om lyk wolle. Sa rêdt Meine it op, dat er yn syn frije tiid mei in grutte sigaar yn'e holle rint en noflik te fiskjen giet as er der nocht oan hat.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | CASTELEIN, H.E. en A.A. Jaarsma |
Titel: | Meine as hypnotiseur |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |