Melotte yn de mist
Yn 'e útbuorren oan 'e feart wennet in lytse mienskip, wylst de jongerein dère in caravan brûkt as jeugdhonk. Tsjibbe Jongedyk besiket yn syn hok in âlde melotte melkmasine wer oan 'e praat te krijen. Hy wurdt troch in elk dy't dêr wennet of omstippet, steurd by syn wurk en sa wurde de taskôgers belutsen by it hâlden en dragen fan de mienskip. Tsjibbe is der net mei op 'e hichte dat Melotte har yn de foarige ieu yn it fean sakje litten hat mei de tekeningen fan de hjoeddeiske masines: Sy woe it minsdom hoedzje foar lawaai en wurkleazens! As de tekeningen ferbrând binne, sil Melotte rêst krije, oant sa lang moat se as spoek omdoarmje... Trije etno-argologen binne fan dit foarfal op 'e hichte en piele wakker om mei in detektor. By eintsjebeslút komt it spoek foar 't ljocht en kinne de papieren ferbrând wurde. Tsjibbe kriget syn melotte oan 'e praat en seit de mienskip farwol. NB Skreaun as jubileumstik foar De Tynje. Soe bglks ek as iepenloftsik spylje wurde kinne.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | OLDENHOF, Bouke |
Titel: | Melotte yn de mist |
Skreaun yn: | 1996 |
Utjoen yn: | 1997 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-05 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 0 |
Tal manlju: | 0 |