Memme feestje

It is Rosa har jierdei en yn't bywêzen fan buorfrou sit se te wachtsjen op har trije dochters. As earste ferskynt de middelste mei in kritende twaling. It sin stiet net te bêst by de jonge mem. Har man sit yn Afrika foar saken - dy saken hat se op in pypfol - en lit har mar mei dy beide hannebiners ompiele. De âldste dochter komt sûnder de bern, mar wol mei in koffer fol klean. Se wol skiede en hat om it ien en it oar te regeljen, de bern ûnderbrocht by kunde. As lang om let de jongste dochter ferskynt en bliken docht dat dy mei har freon yn tsjok waar sit, binne de rapen gear. Konklúzje fan dizze froulju: manlju binne oerkommelingen! By eintsjebeslút docht bliken dat alle kweade fertinkingen fan de susters op misferstannen berêste. De iene nei d'oare reizget hurd ôf om thús alles wer goed te meitsjen. Foar mem bliuwt der oars neat oer as har jierdei te fieren mei buorfrou.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): POPPLEWELL, Jack
Titel: Memme feestje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Hof, Alle G.
Oarspr. Titel: Moeders uitgaansdag
Ynfierdatum: 1998-05-23
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 0