Mine Totalos
It priveekantoar fan in skroatferwurkjend bedriuw, mei as direkteur Jehannes Meindersma. Syn soan Eldert stiet op it punt him op te folgjen. Homme de Haan is de boekhâlder, Lyske Boersma de priveesiktaresse. Fierder sjugge wy út en troch de bedriuwslieder Rolsma, Sytske it kofjefamke en de direkteursfrou Ike; boppedat boargemaster Eysinga foar it yn 't wurk setten fan in merakels grutte autowrakkekreakmasine. It ferhaal: Ike, de mem, hat der alles foar oer dat Eldert in goed houlik oangiet. 'Goed' is yn har opfetting: trouwe mei in bulte jild. En as Eldert fertelt dat er yn Grikelân omgong hân hat mei de dochter fan in ferskuorrend rike reder, is se hielendal út 'e skroeven; se hat net yn 'e smizen dat de jonge mar wat fantasearret om der ôf te wêzen. Heit wol mear fan it frommeske witte en as Eldert har namme neamt - Mine Tótalos - bringt him dat op it idee de nije kreak-masine dy selde namme te jaan en hy wol fansels ha dat de rike redersdochter it offisjele barren bywennet. Dat set Eldert goed foar 't blok. Mar.... in freon fan him hat kunde oan in bûtenlânsk fanke en dy is ree om foar de Grykske yn 't plak te gean. Hja komt, wat suterich yn 'e klean, op 'e tiid oan 'e saak, mar kin mei net ien fan allegearre dêr prate en begrypt fan wat der tsjin har sein wurdt fansels ek net botte folle. Hawar, de boargemaster hâldt syn taspraak en op it stuit dat de bedriuwslieder it handel oerhelje sil, komt der ynienen in frommeske de betsjinningsromte ynfleanen om te protestearjen tsjin it brûken fan har namme foar de kreaker. No wurdt it in ferfelende boel foar Eldert, mar oan 'e ein pakt it dochs noch goed foar him út - en foar him net allinne trouwens - want Sytske wit him oan de privee-siktaresse te plakken.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WIJNGAARDEN, Hans van |
Titel: | Mine Totalos |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Hof, A.G. |
Oarspr. Titel: | Tina Totalos |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 5 |