Moaie eagen

Twa susters, Anne en Brecht, beide frijfaam, wenje tegearre. Anne hat koartlyn wat gedoente hân mei Sybren, mar dat is tsjin har sin wat yn it neigean rekke. Anne hat Brecht safier krigen dat dy hat ris by him sjoen en in praatsje mei him makke mei it doel foar har suster ris poalshichte te nimmen oft der ek in kâns is dat Sybren nochris by har komt. It stikje begjint as Brecht krekt fan har missy thús komt. Botte praterich is se net en Anne, dy't fergiet fan nijsgjirrigens, moat har de wurden ta de mûle út melke. Hoewol't Brecht har oanriedt om it mar te ferjitten, bliuwt der by Anne hope, mar ek in sterke twifel. En dy twifel wurdt noch grutter as buorfrou Minke harren mei de krante grut nijs te fertellen hat. Hja hat kunde krigen oan Sybren en seit dat it wol trouwen wurde sil, want doe't se in kear kâlde tee dronk en út 'e gek sei dat men dêr moaie eagen fan krige, hie Sybren sein dat se al moaie eagen hie. Op it lêst kriget Anne in briefke fan Sybren dêr't yn stiet: "Matte - dat wie Sybren syn mem - is dea, mar ik hâld fan antyk. Sybren." Hoewol net sûnder twifel, reagearret Anne hjir dochs posityf op. Hja rint stadich nei de tafel en drinkt kâlde tee. "Hjir krij ik moaie eagen fan", seit se ta beslút.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LEISTRA, Libbe
Titel: Moaie eagen
Skreaun yn: 1983
Utjoen yn: 1984
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-12
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 0