Moarten yn soarten

De baron (60 jier) is mei in 15 jier jongere frou (Ellen) troud. Hja kinne min tegearre, dat Ellen hat oare oanhâld socht en sadwaande eartiids in dochten (no 22 jier) fan in oare man oerwûn. Der is in húsfreon, dokter van Dellen, dy't yntime omgong mei mefrou hat. Lit Clara no ek noch fereale op him wurde. De baron hat, as it stik spilet, al syn goed ferkocht en wol him yn Den Haach nei wenjen sette. Frou en dochter wolle perfoarst net mei. De baron kriget driichbrieven: hy moat f. 100.000,-- stoarte en oars rekket er dea. Clara merkt dat van Dellen neat fan har witte wol; fan de baron (formeel har heit) ferwachtet se neat. Se hatet se allebeide en docht fergif yn dokter syn kofje; hy beswymt yn 't auto en rydt him sa de dea yn. De baron kriget it sa benaud (hy hat de driichbrief oan dokter lêze litten en dêr stie yn dat wa 't er de brief lêze lit, ek fan kant makke wurde sil), dat er himsels fergitiget. Dan komt de plysje binnendoarren. It docht bliken dat kassier Elgersma de brieven stjoerd hat om 't er jildlik oan 'e grûn sit. Mefrou hat LSD yn in drankflesse dien, dy't ornearre wie foar de baron om him yn in stimming te bringen dat se wat fan him gedaan krije kin. Mar de húsfeint kriget it yn, dat dy rekket ek al raar fan 'e mik. De ein fan al dizze moarten is dat Clara, Elgersma, mefrou en de húsfeint nei Ljouwert brocht wurde nei de ofsier fan justysje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LEISTRA, Libbe
Titel: Moarten yn soarten
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: keamer yn in slotsje
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 6