Modder oan ‘e kloet
Boer Laddus hat in smoarrike frou oan 'e heak slein, mar se kinne meiinoar as kat en hûn. Hy leit him alhiel út op 'e hannel yn ûnreplik guod, fan gefolgen, dat notaris in bêste klant oan him hat en dat dy beide tige befreone binnen. As der fanwege de delgeande tiid strop op strop komt, en de ferhâlding mei syn frou ûnhâldber wurdt, sykje de hearen in wei om fan har ôf te kommen. Hja organisearje in tochtsje mei de moterboat fan 'e notaris en dan rekket de frou te wetter en ferdrinkt. Dit saneamde ûngemak leit notaris gjin wynaaien, sterker noch, hy begjint Laddus te sjantearjen; ek troch syn tadwaan, slagget Laddus wer oan 't wiif. Lena, de nije frou, hat de beide smjunten yn 'e rekken en mei help fan har bern wurde Laddus sawol as notaris, op suggesje fan selsmoard, nei de oare wrâld holpen. As it rjocht frijspraak konkludearret, kinne de jongelju trouwe en harren nei wenjen sette op in fiks boerespul. As hja miene dat alles foarby is, komme der twa ferslachjouwers, dy 't op harren wize de rjochtsaak nochris oer dogge. En dan spant it derom.......Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | LEISTRA, Libbe |
Titel: | Modder oan 'e kloet |
Skreaun yn: | 1987 |
Utjoen yn: | 1988 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-18 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |