Muoike Ada út Nevada

Lamkje en Ada, twa wat karakters en wat úterlik oangiet hiel ferskate twillingsuskes. Se hawwe elkoar yn 25 jier net sjoen. Ada is 25 jier lyn mei in hiel minslik ûngemakje ôfreizge nei Amearika...,mar ynienen stiet se mei har hiele ynventaris by Lamkje op'e stoepe..., foar in koarte fakânsje mei men oannimme, mar it docht bliken, dat se foar altyd bliuwe wol yn har âlderlik hûs, spitigernôch, want Ada past net mear yn it feilige mar lytsboargerlike fermidden. In geitebok sneuvelt troch har colt en in fuotbalfjild wurdt troch har omploege. Koartwei sein de wrâld wurdt yn it doarpke op'e kop set troch har. Elkenien wol har de doar útsjen en dat slagget úteinlik ek wol. Mar Lamkje moat earst al in offer bringe, in moai offer meie wy wol sizze..., like moai as dizze sjarmante komeedzje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KLING, Ulla
Titel: Muoike Ada út Nevada
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2006
Te keap: 1
Oersetter: Hof, A.G.
Oarspr. Titel: Waarst doch in Kentucky blieben
Ynfierdatum: 2006-07-07
Dekor: ien dekor, keamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4