Muoike hat it wol witten

Tema: In ferstoarne hat mei syn lêste wil de erfgenamten te pakken. Neidat in âld frou, dy't sels gjin bern hat, ferstoarn is, ropt notaris de fierdere famylje op om fjouwer dagen yn muoike har hûs te útfanhûzjen. De boaden fan de ferstoarne sille de gasten fersoargje en dêrnei sil it testamint bekend makke wurde. De útfanhûzers binne: twa troude muoikesizzers mei harren oanhing, in wat âldere ûngetroude seeman, in jongere man dy't skriuwer is fan syn berop en dan ta beslút in jongfaam fan 25 jier. De betingsten yn it testamint binne: fjouwer dagen meiïnoar húsmanje yn muoike har hûs, alles litte sa't it is en ûnderelkoar gjin spul meitsje. Dat lêste rêde se net op, want oergeunst en datsoarte fan dingen misse harren útwurking net, foaral as guon al krekt dogge as wie it allegearre fan harren. As notaris oan 'e ein fan it stik it testamint foarlêst, kin er oan 'e hân fan de notysjes dy't de húsfeint makke hat, de rûzjes mei oere en tiid oanjaan en dan bliuwe allinne de skriuwer en de jongfaam oer as dejingen dy't har oan 'e betingsten hâlden ha: elkmes krije se de helte fan 'e neilittenskip en tegearre dus de hiele boel. De oaren kinne mei lege hannen op hûs oan.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HEIDEN, J.W. van der en Henk Bakker
Titel: Muoike hat it wol witten
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1983
Te keap: 1
Oersetter: Hof, Alle G.
Oarspr. Titel: Haar laatste wil
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6