Muoike ’s oerskot

Muoike Douts is ferstoarn en de famylje Keyser komt nei in besletten begraffenis by elkoar yn de wenning fan de ferstoarne. Muoike hat oait in suksesfolle aktrise west, mar is altyd it swarte skiep bleaun fan de famylje. De Islamityske frou dy 't de famylje ûntfangt liket de húshâldlike help te wêzen fan muoike. Trije muoikesizzers mei harren partners ferwachtsje dúdlikheid oer it neilittenskip te hearren en binne der klear foar om dêrfoar striid te leverjen. Net ien fan allen hat de lêste tiid kontakt mei muoike hân. Hast elkenien docht foarkomme dat der in hechte bân wie. Al gau wurdt it in toulûkerij om dingen as de Mingfaas en it Dali-skilderij, mar fral wurdt der socht nei it famyljecollier. It is hiel goed mooglik dat it collier yn oare hannen telâne kaam is. Op de dei fan de begraffenis docht bliken dat muoike har oansletten hat by in lytse sekte; it Keppeltsje. De "Harder" dy't de begraffenis regele, hat in boadskip fan muoike; troch alderlei ûngelokjes bliuwt it boadskip lang ûndúdlik. Bestiet der echt wol in keppel en wêrom keapet Eppo samar twa djoere flessen sjampaje en is it skilderij wol in echte Dali en is de Ming dy 't stikken fallen is wol in echte Ming... en de grutste fraach...is der wol in testamint? In soad ferwikkelingen, mar lang om let as de Harder troch de koer fallen is as de bedrager, komt der ljocht yn de saak, mar dochs is de ûntknoping noch hiel ûnferwachts.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BREMER, Aris
Titel: Muoike 's oerskot
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2005
Te keap: 1
Oersetter: Hof, Alle Geart
Oarspr. Titel: Tante Restante
Ynfierdatum: 2005-12-28
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3