Nee leave, no net
It slútjûnestik fan 1996 mei fleur en faasje spile yn de Lawei! It stik spilet him ôf op 'e tredde ferdjipping fan de eksklusive kleansaak Koekoek en Blom yn Ljouwert. Yn dy saak barre frjemde dingen en soms giet men der frjemd... It ferhaal giet oer Rintsje Koekoek dy't it bont makket wat de froulju oanbelanget en hy wrot himsels yn 'e nêsten as sakeman Piter Roskam him te glêd ôf is mei de bontjas, dy't foar syn maitresse ornearre wie. Anders Blom makket de bontjassen, mar it spul dat dêr no troch ûntstiet moat er neat fan ha, mar ja, hy wol syn kollega ek net ôffalle. It wurdt fansels ien grutte ligerij yninoar om, mei ferklaaierijen en weikrûpboarterijen, dy't, as tempo en timing goed binne, foar in hilaryske jûn soargje sille.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | COONEY, Ray en John Chapman |
Titel: | Nee leave, no net |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1996 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-04-15 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 5 |