Nij lân
De skriuwer jout ús yn dit stik in byld fan it hurde, rauwe bestean fan 'e arbeiders yn 'e polder, dy't har frije tiid slite yn 'e ientoanichheid fan it keetlibben. Haadtema yn it stik soe men neame kinne de demoanyske driuw fan de ploechbaas-strjitmakker Hotse om syn jongere broer Watse kost wat kost te wreken op Inne Rypma, de nije útfierder op it wurk, om in ienris begien ûnrjucht. Mar men moat dit stik lêze en wurd foar wurd yn jin opnimme om de bedoeling fan de skriuwer te fetsjen: begryp op te bringen foar de djip-minsklike ferlangens en begearten dy't yn dizze rûge oarde kwalik of gjin útwei fine.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DUBA, W. Chr. |
Titel: | Nij lân |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 7 |