Nije Buorlju

Herman hat in ferrassing foar syn frou Barbara, sy hat altyd graach op in buorkerijke wenje wollen, ergens oan de râne fan in doarp. Oant no ta wennen se yn de stêd, mar no’t se wat âlder wurde, wurdt ek it langstme nei dat buorkerijke grutter. Herman hat, sûnder dat Barbara dat wist, in buorkerijke kocht, ergens fier bûten de stêd. Barbara wurdt sechstich en dit is neffens Herman it perfekte kado foar dit heuchlike feit. Yn it geheim riedt hy in grut feest ta yn it krekt oankochte buorkerijke. Hy hat lykwols gjin rekken holden mei de nije buorlju. At dy der achter komme dat Herman miskien wol in hiel grut geheim mei him mei draacht, is de hikke fan de daam. Farsk fleis yn it doarp wurdt altyd mei arguseagen besjoen. Mar is dat wol terjochte?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): PIJL GERBEN
Titel: Nije Buorlju
Skreaun yn: 2000
Utjoen yn: 2019
Te keap: ja
Oersetter: Gurbe Dijkstra
Oarspr. Titel: Vlees noch vis
Ynfierdatum: 2019-04-07
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2