Nobelpriis, nee of ja?
De húshâlding fan Rolf Swedenhielm bestiet bûten himsels út syn soannen Rolf Jr., yngenieur lykas hysels; Bo, in luitnant yn it leger; syn dochter Julia, toanielspylster en Marta Boman, syn skoansuster, dy't sûnt syn frou har ferstjerren de húshâlding bestjoert. De famylje is fan âlds fan adel en libbet noch sterk by famylje- en persoanlike 'eare', dy't by harren heger set wurdt as jild. In libbenshâlding dy't faaks wol gever is as de 'algemien wenstlike' en dy't dêrfoaroer suver wat ûnmaatskiplik oandocht. Stik foar stik libje de bern harren 'ferheven' libben; de iene yn 'e technyk, de oare yn 'e sfear fan 'e militaire 'eare' en wer in oaren yn de heechste himel fan de toanielkeunst. Alle trije hawwe se foar harrensels belang by publisiteit fan eigen deugd en kapasiteiten en as men jin ôffreget oft se dan folslein los fan inoar libje, dan docht bliken dat de heit dochs in tige grutte ynfloed en bining hat. Dit wurdt allegearre nochris goed ûnderstreke as se oan 'e ein fan it stik mekoar fertinke fan it skeinen fan de famylje-eare, tewyl't de kening foar it útrikken fan de priis fan f. 50.000,-- op harren sit te wachtsjen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BERGMAN, Hjalmar |
Titel: | Nobelpriis, nee of ja? |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Brouwer, Dr. J.H. en I. Brouwer-Prakke |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 6 |