Noch jierren nei hjoed
It is Piter Kupers syn jierdei en der is alles by opset om der in moaie dei fan te meitsjen. Mar de wille wurdt danich fersteurd as der blommen en presintsjes brocht wurde fan dizze en soartgelikense ynhâld: 'Noch jierren en jierren, leave Pyt fan Riny en Boukje en fan Gryt'. Hoe't Piter foar syn frou en syn skoanmem ek úthâldt dat er fan dizze "oanbidders" neat ôf wit, it is harren net by te bringen dat hjir in misferstân of in flauwe grap yn 't spul wêze moat. Aldergeloks komt alles wer op syn poatsjes terjuchte, neidat bliken dien hat dat "Pake Pyt", dy't by de famylje ynwennet, al jierren lang in stille begeunstiger fan it pleatslik frouljuskoar west hat en troch ferwikseling fan namme hjoed op syn bar yn 'e blomkes set wurdt....Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ANDREA, Max |
Titel: | Noch jierren nei hjoed |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Beintema, Tabe |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |