O Godskes Geeske!
Geeske, in float, dy't foar elkenien klear stiet, falt yn har gystenens fan 'e trep en brekt in skonk. In grutte ramp, krekt no't se tasein hie om de kostúms te naaien foar de bern dy't in mearke opfiere sille. De ramp wurdt noch grutter as skoanmem komt te kofjedrinken Mei allerhande ferlakkerij - holpen troch twa buorfroulju - moat dy albedil ûnkundich hâlden wurde fan wat der oan 'e hân is. Dit rêde se lykwols net op; skoanmem nimt it roer yn hannen. As Geeske oan 't oefenjen is yn har rolstoel, rydt se skoanmem mei kûgelsfeart fan 'e sokken. Mem en Geeske kinne frede slute as se beide mei in skansearre skonk rêst hâlde moatte.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ANNEMA, Froukje |
Titel: | O Godskes Geeske! |
Skreaun yn: | 1985 |
Utjoen yn: | 1986 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-10 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 0 |