Oan ‘e kant fan ‘e poel
Mindert Meindersma hat oan 'e kant fan in mar in simmerhúske kocht, dêr't er mei frou en dochter de rêst siket. Hja binne dêr noch mar krekt of dêr komme harren âlde buorlju al op besite en dat dat no sa akkordearret.. Mar it is noch net moai genôch, want dêr klopje ek noch in omke- en muoikesizzer mei de faam by harren oan. De âlde buorlju prate krekt salang dat harren caravan komt njonken it simmerhúske te stean, mar dêr komt trammelant fan, want de boer oer waans lân 't hja moatte komt yn ferset. Mei it hieren fan in pream en dêr de caravan op, liket it probleem oplost te wêzen, mar de caravan komt tusken wâl en skip te hingjen, en dan hawwe se de boer wer nedich. Aldergeloks hat dy boer in soan dy't wol smucht op Meindersma syn dochter hat, wat op it lêst ta in freedsume oplossing liedt. Hjir trochhinne spilet it oeral heljen fan de caravan en it stellen fan jild. De boeresoan wit de dieders te ûntmaskerjen en kriget dêrmei de achtinge fan de fakânsjegongers; en dat makket ek dat dy der alhiel gjin beswier tsjin hawwe dat harren dochter har ferlovet mei dyselde boeresoan.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HOF, Alle G. |
Titel: | Oan 'e kant fan 'e poel |
Skreaun yn: | 1983 |
Utjoen yn: | 1984 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 5 |