Oan’e ein fan’e reinbôge
Wolter Enkelaark, in amtner, hiert yn'e fakânsje mei frou en dochter in keamer yn in pensjon. Wolter hat lykwols hiel wat oars yn't sin as noflik fakânsjehâlde. Syn pake en beppe ha jierren ferlyn yn ditselde hús wenne. Pake soe yn de twadde wrâldkriich in fertún oan gouden tientsjes ûnder de flier bedobbe ha om se út hannen fan de besetter te hâlden. It hús rekke troch de oarloch slim ferrinnewearre, it waard ferkocht en letter wer opboud. Nimmen hat ea wer om dy tientsjes tocht.... Sa hat Wolter it fan syn heit heard en no is er perfoarst fan doel om dy skat yn hannen te krijen. As it moat is er ree om de hiele flier út it hûs te brekken. Mar dat giet samar net....Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WIJNGAARDEN, Hans van |
Titel: | Oan'e ein fan'e reinbôge |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1994 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Tasma, Gerrit |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |