Oansteande famylje
Dizze ienakter lit ús in omkearde wrâld sjen: omt de âlden der mar wat hinne libbe ha, besykje de bern harren wer oarder en regel by te brengen... De mem van Vera is och sa dwers en dôfhûdich en moat no foar straf twa dagen yn'e hûs bliuwe. Evelyn har heit wol ek net om lyk, dat sy en Vera oerlizze wakker hoe oft se dêr mei oan moatte... De omkearde wrâld komt noch mear ta utering as der in maatskiplik wurkster by Vera komt te sjen as se wol geskikt is foar in adopsje-beppe. Sy kriget ien tawiisd, mar it is in hippy beppe út'e sechtiger jierren. Te gek!! In jongereinstik dat mei fleur en faasje spile wurde kin en dat ek kânsen jout om der wat technyk-spektakel mei te beoefenjen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HAGER, Jan |
Titel: | Oansteande famylje |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1991 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-12 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 0 |