Oan’t nei de fakânsje

It stik spilet him ôf yn de leararekeamer fan de Cull-Loomis skoalle yn Cambridge, in skoalle mei in oplieding Ingelsk foar net-Ingelsktaligen. De tiid is begjin jierren sechtich. St. John Quartermaine is de âldste fan it leararekorps en wurdt de lêste tiid wat ferjitlik. Bytiden wit er nammen fan kollega's net mear, ferjit er les te jaan en falt gauris yn sliep yn'e leararekeamer. Ek de soargen en drokten fan syn jongere kollega's geane oan him foarby. Boppedat giet it it lêste jier net sa goed mei de skoalle, de kosten fan de ferbouwing wiene wat oan de hege kant en der binne te min nije ynskriuwingen. De jongste learaar dy't krekt begong is, Derek Meadle kin net iens in fêste oanstelling krije. As nei de fakânsje alle leararen werom komme hat elk syn aventoeren, mar Quartermaine hat neat belibbe, is de hiele tiid thúsbleaun. It lêste tafriel spilet him ôf foar de Krystdagen. De âld direkteur is krekt ferstoarn en it is tiid foar feroarings. Der fynt in wikseling plak en Quartermaine wurdt de wacht oansein om't er net mear funksjonearret. Iensum bliuwt er achter yn'e leararekeamer wylst alle oare kollega's sizze: "Oant nei de fakânsje".

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): GRAY, Simon
Titel: Oan't nei de fakânsje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1999
Te keap: 1
Oersetter: Haan, Jikke de
Oarspr. Titel: Quartermaine's terms
Ynfierdatum: 2000-03-20
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 5