Oars as echt

Lyts Famke wachtet op Sinterklaas en Swarte Pyt. Sinterklaas leit op it toaniel. Pyt komt op út 'e seal. As Klaas en Pyt fuort binne komt Famke troch de skoarstien. Se wol Pyt wurde. Ut 'e tún komt kabouter Njoggen dy 't siket om buorke acht. (de oare sân hat Sniewyt meinaam) Mei de kat geane se nei mearkelân. Se moetsje de keninginne fan Sniewyt, de wolf fan Readkapke en Heks Trui. It komt derop del dat by 't einsluten elk mar wer gewoan himsels wêze wol. It gehiel wurdt opfleure mei lietsjes dy 't spile wurde troch 4 musikanten, dy 't harsels spylje. Mar soenen ek de kat, de heks, de keninginne en de wolf dwaan kinne.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BIJSTERVELD, Sieger
Titel: Oars as echt
Skreaun yn: 2004
Utjoen yn: 2005
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2005-12-29
Dekor: ferskillend
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 5