Och heden heit
Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy is troud mei Hanne, dêrby hat er in dochter, Elkje. By Barbara dy't yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert. Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Elkje mei-inoar yn'e kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant "chatten" west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoast moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat te foarkommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen, mar spitigernôch slagget dat net. Jeroen moat bekenne en dan docht bliken dat de bedrager bedragen is... Dit alles spilet him ôf yn ien dekor .. in echte sprankeljende klucht. In soad aksje yn in razend tempo!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | COONEY, Ray |
Titel: | Och heden heit |
Skreaun yn: | - |
Utjoen yn: | 2003 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, A.G. |
Oarspr. Titel: | Caught in the net |
Ynfierdatum: | 2004-01-06 |
Dekor: | iendekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |