Oer ús skynt deselde sinne

Hindrik Brúnsma, frou, soan en dochter sitte mei harren buorlju Adriaan Bulthuzen, frou en dochter yn in simmerhúske oan 'e mar. Hja treffe it net. It waar is min, nachts in bulte leven fan treinen en toersklokken en ek ûnderinoar akkordearret it net bjuster. Allinne de soan fan de Brúnsma's en de dochter fan de Bulthuzens fermeitsje harren tegearre wol. Mar ja..... Joke, de dochter, is ferloofd, hoe komt dit? Dêr komt by dat frou Bulthuzen altyd allerhande kwaaltjes hat en in bulte selsbeklach. In hantaast wurk is har al tefolle. Allinne har man regearje dat kin se linich rêde. As de manlju de fjirde dei op har manear eefkes yn it waar sjogge, komt Adriaan dronken thús. En dan hinget de kat fansels goed yn 'e gerdinen. It komt safier dat de beide famyljes harren eigen hoeke ôfskermje; mar alle kribbekeurichheden binne opslach fergetten as bliken docht dat Durk en Joke de nachts net thús west hawwe en harren boat leech op 'e mar fûn is. Efterôf docht bliken dat de jongelju nei in eilantsje ta fearn wiene en dat de boat los rekke wie. En de wetterplysje hat harren de oare moarns ferlost. Hoewol't de jongelju earst mekoar de skuld joegen en suver slaande deiles rekken, wurde se it dochs iens en begjinne al oer trouwen te praten. No't hja nei hûs wolle, beslute de beide famyljes mar mei harren ôf te reizgjen. En dat is dan de ein fan harren fakânsje yn it simmerhúske.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BRETT, Michael
Titel: Oer ús skynt deselde sinne
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: ?
Te keap: 1
Oersetter: Tuinman, Anne
Oarspr. Titel: This happy home
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3