Om de namme fan de saak
Yn de tsiisgruthannel fan Boersma binnen feroaringen op til. Boersma sels sil him weromlûke as direkteur en it roer oan syn beide soannen oerlitte. Geart, as âldste, sil direkteur wurde en Hindrik ûnderdirekteur. Dit noasket Hindrik min, hy achtet himsels mear geskikt om baas te wêzen. Hy lêst it libben wol, hat in ferhâlding mei Geart syn frou en is ek net frij fan Anke, de sikretaresse. Fierder binne hy en de boekhâlder warber mei knoeierijen op finansjeel mêd. Tidens de ôfskieresepsje fan Senior fynt it tsjinstfamke it lyk fan Anke yn'e tún. Fertochten by de rûs, mar foar Hindrik begjint it omraak te knipen. Dan grypt heit Boersma yn...Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | METER, Gerrit |
Titel: | Om de namme fan de saak |
Skreaun yn: | 199? |
Utjoen yn: | 1991 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-25 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 6 |